Mei/Maaie

Herman Gorter

Een nieuwe lente en een nieuw geluid: Ik wil dat dit lied klinkt als het gefluit, Dat ik vaak hoorde voor een zomernacht In een oud stadje, langs de watergracht In huis was 't donker, maar de stille straat Vergaarde schemer, aan de lucht blonk laat Nog licht, er viel een gouden blanke schijn Over de gevels in mijn raamkozijn.

Dan blies een jongen als een orgelpijp, De klanken schudden in de lucht zoo rijp Als jonge kersen, wen een lentewind In 't boschje opgaat en zijn reis begint.

Hij dwaald' over de bruggen, op den wal Van 't water, langzaam gaande, overal Als 'n jonge vogel fluitend, onbewust Van eigen blijheid om de avondrust.

En menig moe man, die zijn avondmaal Nam, luisterde, als naar een oud verhaal, Glimlachend, en een hand die 't venster sloot, Talmde een pooze wijl de jongen floot In nije maaie dy’t in nij lûd bringt!

Ik wol dat dit liet as it floitsjen klinkt, dat ik faak heard ha op in maitydsjûn bylâns de greft, dy’t troch ’t âld doarpke rûn.

Yn ’t hûs wie ’t donker, m ar de stille strjitte fergarre skimer.

Yn de loft blonk jitte it lette ljocht; in bank en gouden glinster niigd’oer de hûzen nei myn slûge finster.

Dan fluit’ in jong’ as blies in oargelpiip.

De klanken trillen yn ‘e loft, sa ryp as jonge kjersen, as de maitydswyn strykt oer it hôf en set syn strunen yn.

Hy dribbl’ oer brêg’ en wâl bylâns it wetter; hiel stadich dangl’ er.

Rûnom rûn ’t gekwetter bliid sa’t in protter fluitet, dy’t de grûn fan eigen blidens net ken yn hjeljûn.

Mannich mêd man heard’ oer syn miel dy stim as wie ’t in âld ferhaal, en glimk’ in glim.

In hân dy ’t finster ta die, wifke by it floitsjen fan dy jong’ ien amerij.