Straatpoëzie
Rêstich lêze
Andries de Jong · Oosterstraat 12, 9203 BB Drachten, Netherlands
Rapper lêze is hast gewoan
it past perfekt by jo en no
mar it ferstân
nimt leaver wat de tiid
jout it boek de romte om
te rypjen
de hastige holle
tusken de rigels troch
rêstich
oan kultuer te slypjen.
Feiten en fiksje fleane
ús sa no en dan
ûnder in snipperke twang
starich mar letterlik
om de earen.