Straatpoëzie
De Sinne & De Tike
Andries de Jong · Peinderwei 21, 9219 VX De Tike, Netherlands
It skaad is in suske fan de sinne
Tsjuster kin it wêze en dêrom is dit hoekje ljocht
In stikje Tike dêr't de fjoerbal fuortbliuwt
Op in stekje dat ús sa bêst foldocht.
Troch de ruten gnuve oer de fiere fjilden
En dêr giet Willem mei syn trouwe hûn
Ús jonges sjogge hoe't it koper sakket
Wat in daalders plakje ha wy fûn.