Straatpoëzie

Wêrom

Anne Hellinga · Coördinaten: (53.10626863967161, 5.583562722190769)

wêrom
hawwe beammen
blêden
en wêrom ite poppen
altyd brij

wêrom
hat ús mem
lang hier heit
en wêrom
hite kokes
kij

wêrom
hawwe auto's
bannen
en wêrom
hat in motor
sa'n lawaai

wêrom
hat ús sjouk
koart hier heit
en wêrom hyt in sleutel
kaai

wêrom
is sa'n ding
in apel
en wêrom
is dat oare
dan in par

toe no heit
ik wol it wite
sis it my no mar

Website