Straatpoëzie
Hidaardersyl
Wilco Berga · Coördinaten: (53.07709225459816, 5.596943491198978)
Hjir lis ik te wachtsjen jier op jier,
Tiid en wyn fleane wette mei faasje foarby,
Altyd bern dy noardwester; dan gûlend, dan blier,
Hjir lis ik te wachtsjen jier op jier,
Sûnt ieuwen mids lûden fan minske en dier,
De wille, de wredens, striid by heech tij.
Hjir lis ik te wachtsjen jier op jier,
Tiid en wyn streakje wetter mei weemoed foarby.